Streuperijteam súksesfol

22 jan 2007 - 14:23

It fiskstreuperijteam Fryslân hat ferline jier 15 minsken oanholden dy't fertocht wurde fan fiskstreuperij. Dêrby waard 39 kear in prosesferbaal úskreaun.

Yn totaal waard 2300 meter oan netten yn beslach nommen en ek waard der illegaal fisktúch yn beslach nommen. Fanwege it súkses fan it team is besletten om it ek dit jier wer yn te setten. Der komme no ek sokke teams yn Súd-Hollân en op de Iselmar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)