Wetterpeil sakket

22 jan 2007 - 12:45
De Fryske gemalen draaie op folle toeren

It wetterskip kin moandei gâns mear wetter út de Fryske boezem kwyt as de ôfrûne dagen. Dat is goed nijs, want it wetter stiet noch hieltyd sa'n 20 sintimeter te heech troch it minne waar fan ferline wike.

Alle mealkapasiteit wurdt al ynsetten. Dat it wetter no makliker fuort kin, komt om't de Waadsee al wer in stik leger stiet as ferline wike. Ek de wyn spilet in rol.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)