Saak Ooms yn Opsporing

22 jan 2007 - 10:40

It televyzjeprogramma Opsporing Verzocht jout tiisdei wer omtinken oan de moard op Marinus Ooms út Haulerwyk. Yn it programma wurdt in fjoerwapen toand, dat fûn is yn it hûs fan Ooms.

Fierders wol de plysje achter de idintiteit komme fan in man dy't him op in buro yn Amsterdam melde mei de meidieling dat er mear wist. Ooms waard begjin oktober dea fûn yn syn hûs. Yn novimber is in man oanhâlden foar belutsenheid by de moard.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)