Man te wetter rekke

22 jan 2007 - 10:22
Foto: Omrop Fryslân

Oan de Hopmanswei yn Mullum is sneintejûn in 60-jierrige ynwenner fan Mullum troch ûnbekende oarsaak yn de sleat rekke.

In tafallige foarbygonger ûntduts de man yn it wetter en warskôge plysje en ambulânse. De man is mei ûnderkuollingsferskynsels nei it sikehús yn Ljouwert brocht.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)