Lead en koper stellen Warkum

© Omrop Fryslân
De plysje ûndersiket de stellerij fan in soad lead en koper út it gemeentehûs oan de Merk yn Warkum.
Unbekenden ha dêr tusken ôfrûne woansdei en freed sawat 40 meter lead fuortnaam. It lead wie oanbrocht as wetterkearing tusken de muorre en de dakbedekking fan it gebou. Ek waard 40 meter kopertried fuortnaam, dy't tsjinst die as wjerljochtôflieding. In 56-jierrige ynwenner fan Warkum hat út namme fan de gemeente oanjefte dien.