Massale fjochtpartij Ljouwert

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneintemoarn fjouwer persoanen oanholden yn en by in hoarekagelegenheid oan de Nijstêd yn Ljouwert. De fjouwer, twa ynwenners fan Burgum fan 30 en 32 jier, in man (22) út Tytsjerk en in frou út Tytsjerk (26), wiene belutsen by in massale fjochtpartij. Dy spile him ôf yn de wc's fan de hoarekagelegenheid.
In groep persoanen wie mei inoar op de fûst rekke en ek mei in tal portiers. De plysje hat de groep út inoar helle.