Hannel yn harddrugs St Jansgea

21 jan 2007 - 15:16
Foto: Omrop Fryslân

In ynwenner (21) fan de gemeente Skarsterlân is yn de nacht nei snein oanholden troch de plysje op fertinking fan hannel yn harddrugs. De man waard oanholden yn syn wenning.

Earder dy jûn wie in 27-jierrige Feanster net goed wurden yn in hoarekagelegenheid oan de Streek yn Sint Jansgea. Neffens tsjûgen hie de man GHB kocht fan de fertochte. Dizze waard even letter yn syn wenning fûn, yn it besit fan GHB.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)