Nijenhuis sechde op 500 meter

Beorn Nijenhuis
Beorn Nijenhuis is op it wrâldkampioenskip sprint sechde wurden op de 500 meter. Yn it Noarske Hamar bleau er syn direkte tsjinstanner Erben Wennemars foar yn in tiid fan 0,35.36. Nijenhuis stiet no fjirde yn it algemien klassemint.
Dêrmei hat er noch útsjoch op in brûnzen medalje. Hy moat dan op de 1000 meter 85 hûndertsten ynhelje op de nûmer trije Lobkov. Earste stiet de Fin Koskela.