Restauraasje planetarium Snits

21 jan 2007 - 13:29

De restauraasje fan it Snitser planetarium út de 19e ieu falt 20.000 euro heger út as ferwachte. Dat planetarium is net makke troch de ferneamde Eise Eisinga, mar troch Cornelis Jacobs van der Meulen fan Snits.

Hy makke it astronomyske oerwurk yn 1842. It planetarium lit de bewegings fan de ierde, de moanne en de stjerrehimel sjen. Klokmakker Ten Hoeve wurket al 2 jier oan it oerwurk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)