Oerfal op tankstasjon Oerterp

21 jan 2007 - 13:08

Der is sneontejûn in oerfal pleegd op it tankstasjon oan de Weibuorren yn Oerterp. De pompmeiwurker (19) waard oan it begjin fan de jûn troch de oerfaller bedrige mei in mes. Hy moast de ynhâld fan de kassa meijaan.

De oerfaller is útnaaid mei inkelde hûnderten euro's yn de rjochting fan it sintrum. De plysje siket tsjûgen. De oerfaller is 18 à 20 jier, 1,80 meter lang, hat in gewoan postuer, in pústerich gesicht en donkerblond hier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)