Beslút jeugdsintrum De Lemmer

21 jan 2007 - 12:59

De gemeenteried fan Lemsterlân moat moandei oer in wike in beslút nimme oer it nije jongeresintrum op De Lemmer. Foar de bou fan dat sintrum is likernôch 775.000 euro nedich. It nije jongeresintrum komt yn de buert fan it eardere azc en tsjinnet as ferfanging foar it plak oan de Suderseestrjitte en de Flevostrjitte.

Op dat plak komme huzen. De definitive sketsen fan it jeugdsintrum lizze al op besjen yn it gemeentehûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)