Problemen treinferkear

21 jan 2007 - 12:19

De wjerljocht hat sneintemoarn foar problemen soarge by it treinferkear yn it westen fan Fryslân. Tusken Harns en Ljouwert en tusken Starum en Ljouwert binne treinen útfallen en oaren ride mei fertraging.

Neffens Prorail is de fertraging in kertier oant in healoere. Ek op oare plakken binne problemen troch it waar. Oan de Eise Eisingastrjitte yn Dronryp wurde bygelyks 4 grutte beammen omseage, omdat se driigje om te gean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)