VC Snits ferliest yn thriller

© Omrop Fryslân
Foljebalklub Snits hat yn de Earstedivyzje in spannende wedstryd mei 3-2 ferlern fan koprinner Lycurgus út Grins. Neidat Snits de earste set krekt ferlear (26-24), wie Lycurgus yn de twadde set folle better (25-12). Yn de tredde en fjirde set bleau it oan de ein ta spannend, mar pakte Snits wol de winst (25-22 en 25-23).
Yn de fyfde set kamen de Grinsers 14-9 foar. Snits krige noch twa wedstrydpunten, mar ferlear mei 22-20.