Brantsje yn gemeentehûs Bilt

20 jan 2007 - 17:09

Yn Sint Anne hat sneontemiddei in lyts brantsje west yn it gemeentehûs fan It Bilt. Nei alle gedachten is der wat baarnends troch de brievebus goaid.

De brânwacht wie der gau by en koe oan de achterkant it gemeentehûs yn komme. Dêrnei is de brievebus iepenbrutsen om by it fjoer te kommen. Doe wie de brân ek út. De skea is beheind bleaun.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)