Nijenhuis sande yn Hamar

20 jan 2007 - 14:23
Foto: Omrop Fryslân

Reedrider Beorn Nijenhuis fan It Hearrenfean is sneon sande wurden op de 500 meter op de WK sprint yn Hamar. Hy ried in tiid fan 35,21 sekonden. Snein wurdt deselde ôfstân nochris ferriden.

De Fin Pekka Koskela waard earste op de 500 meter. Hy ried de ôfstân yn 34,80 sekonden. Bêste Nederlanner wie Erben Wennemars as sechsde mei in tiid fan 35.20 sekonden. Sneon en snein is der ek noch in 1000 meter.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)