840 fytsers op de bon slingere

20 jan 2007 - 13:10

De plysje hat de ôfrûne fjouwer moanne yn Smellingerlân en Opsterlân 840 bekeurings útdield foar fytsen sûnder ljocht. Tûzenen skoalgeande jongerein troch de wike en it útgeanspublyk wykeins binne kontrolearre.

De kontrôles hearre by de lanlike kampanje 'Val op, daar kun je mee thuiskomen'. It is de plysje wol opfallen dat oan de ein fan de kampanje hieltyd mear fytsers binne dy't de ferljochting op oarder hawwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)