Ketellapper nije listlûker

20 jan 2007 - 13:00

Reitze Ketellapper fan Koarnjum is de nije listlûker foar de Federaasje Gemeentebelangen Fryslân, by de steateferkiezings fan 7 maart. De partij hat dat sneon bekendmakke.

Ketellapper hat in soad politike ûnderfining. Hy sit 27 jier yn de gemeenteried fan Ljouwerteradiel en makke de lêste fjouwer jier diel út fan 'e skaadfraksje fan de Federaasje Gemeentebelangen yn de Fryske Steaten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)