Cambuur ferliest mei 3-1
Cambuur hat freedtejun mei 3-1 ferlern fan koprinner De Graafschap. De Ljouwerters kamen al nei twa minuten op efterstân. Tsien minuten nei it skoft waard it 2-0. Cambuur kaam werom yn 'e wedstriid troch in goal fan Shutlan Axwijk en hie dernei in pear kear de kâns om op gelikense hichte te kommen.
Fiif minuten foar tiid gie de wedstriid yn it slot troch in goal fan Jeffrey de Visser út in penalty.