Flyers winne yn Nijmegen

20 jan 2007 - 11:54

De iischockeyers fan de Vadeko Flyers hawwe freedtejûn de útwedstriid tsjin Nijmegen mei 7-5 wûn. De perioadestannen wienen 0-2,2-2 en 3-3. Hearrenfean klimt troch de oerwinning nei it fjirde plak, dat rjocht jout op dielname oan de play-offs. Nijmegen sakket nei plak fiif.

Sneontejûn spylje de Flyers thús tsjin Geleen, in oare konkurrint foar de play-offs. Geleen stiet tredde mei 15 punten út 9. De Flyers hawwe 14 út 11.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)