Byld Lely werom op Ofslútdyk

19 jan 2007 - 21:32

It stânbyld fan yngenieur Lely komt werom op de Ofslútdyk. It byld krijt in plakje by it monumint dat healwei de dyk stiet. It giet om in nij eksimplaar fan it byld, dat de ôfrûne tiid yn Lelystêd makke is.

It byld wurdt op 24 maaie ûntbleate. Op dy dei wurdt it 75-jierrich bestean fan de Ofslútdyk fierd. It byld fan yngenieur Lely stie earder by Den Oever. Lely is de betinker fan de Ofslútdyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)