Undersyk nei sjitynsidint

19 jan 2007 - 17:39

De ryksresjerzje docht ûndersyk nei in sjitpartij. Dy wie tongersdei op in parkearterrein oan de A6 by Sint Nyk. De plysje woe dêr in auto stopje litte. Yn de auto sieten minsken dy't fertocht wurde fan in ynbraak by in bedriuw yn Sint Nyk.

Doe't de auto hurd útnaaide, skeat in plysje mei syn tsjinstwapen. De achterfolging moast fanwegen it minne waar en de hege snelheid opjûn wurde. Auto en ynsittenden binne net fûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)