'Kolleezje mei 4 deputearren'

© Omrop Fryslân
Kommissaris fan de Keninginne, Ed Nijpels, moat yn it nije kolleezje in swiere portefúlje krije. Hy moat dan in grut part fan syn bybanen opjaan. Dat is de winsk fan listlûker Sjoerd Galema fan de CDA-steatefraksje.
Galema tinkt dat Nijpels troch syn grutte netwurk in soad betsjutte kin foar de provinsje. It kolleezje moat dan tenei ek út fjouwer deputearren bestean. Dat is ien minder as no.