Personiel net skuldich oan dea

19 jan 2007 - 15:58
Foto: Omrop Fryslân

It personiel fan finzenis De Blokhúspoarte yn Ljouwert hat gjin skuld oan de dea fan in 29-jierrige finzene. De man waard op 5 oktober 2006 dea fûn yn syn sel. Hy hie himsels tekoart dien.

De Ryksresjerzje hat ûndersyk dien nei de selsdeading. De konklúzje is dat meiwurkers fan de finzenis en plysje gjin skuld ha oan de man syn dea.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)