Dieven yn Drachten oppakt

© Omrop Fryslân
De plysje hat tsien jongeren út Drachten oanhâlden foar stellerij. Se binne tusken de 12 en 14. Se wienen yn ferskate groepkes aktyf. Op 1 desimber ha se yn trije ploechjes kosmetika en sieraden stellen. De groepen koenen elkoar net. It is tafal dat se op ien jûn yn deselde winkel aktyf wienen.
De plysje koe se ferline wike oppakke, nei yntinsyf ûndersyk. De jongeren krije in alternative straf. In pear moatte foar de bernerjochter komme.