Jeroen de Vries 3e yn Sweden

19 jan 2007 - 13:31

By de earste maraton op natoeriis yn it Sweedske Börlange is Jeroen de Vries fan Sint Nyk as tredde einige. De Frânsman Tristan Loy waard earste, foar Casper Helling. De wedstriid gie oer 80 kilometer.

By de froulju wie Daniëlle Bekkering oer 50 kilometer de rapste, foar Linda Verdouw en Kitty Meeth. Bêste Friezinne wie Elma de Vries fan De Haule. Se einige krekt njonken it poadium op it fjirde plak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)