Seehûnen sliepe yn bioskoop

19 jan 2007 - 12:04

Sechtich seehûnen fan Pieterburen moasten tongersdei fanwege de stoarm op in oar plak de nacht trochbringe. De tinte dêr't de gûlers yn sieten, moast ûntromme wurde. De bisten binne oerbrocht nei it kantoar fan Lenie 't Hart en nei de betegele besikersromte en sels in pear bisten moasten nei de bioskoop yn it sintrum.

Dit jier binne fanwegen de stoarm al goed hûndert bisten by de opfang yn Pieterburen brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)