Rekord foar gemalen

19 jan 2007 - 11:56

It 86 jier âlde Woudagemaal by De Lemmer hat de ôfrûne 24 oeren in rekord draaid. Gewoanwei wurdt op ien dei seis miljoen kubike meter wetter op de Iselmar útwettere, no is dat acht miljoen kúb. Dat kaam om't de wyn geunstich wie. It elektryske Hooglandgemaal by Starum koe fiif miljoen kubike meter útwetterje.

De twa gemalen ha oant freed in mannichte wetter fuortwurke like grut as de ynhâld fan de Snitsermar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)