Stoarmskea by fierljepklub

19 jan 2007 - 10:29

Twa omfallen beammen hawwe tongersdei foar in soad skea soarge by fierljepklub Burgum. De beammen foelen boppe op it hokje fan de klub en oanslutend op in rek mei oefenpolsen.

De djoere carbonpolsen rekken net skânsearre. Dy wiene foar de winter ûnderbrocht op in feilich plak. De fierljepklub is fersekere foar stoarmskea.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)