Wyk De Bouwen wurdt opknapt

© Omrop Fryslân
De Drachtster wyk De Bouwen wurdt de kommende jierren op in soad plakken opknapt. Dat stiet yn in wykfizy, dy't opsteld is troch de gemeente, de wenningbouferiening en it Woonbedrijf. De fizy kin noch oanpast wurde oan de winsken fan de wykbewenners. Oant 17 maart kin ynsprutsen wurde op it plan.
Der binne problemen mei de ferâldere huzen, de ferkearsfeiligens, de parkeardruk en de kwaliteit fan it Reidingpark. Der komme ek byienkomsten.