Gjin skea oan seediken
Wetterskip Fryslân giet freed op ynspeksje lâns de seediken. Yn de rin fan de nacht is de bewaking opheft. Sa't it no liket is der gjin skea ûnstien. Yn de haven fan Lauwerseach strûpte de kade wol ûnder. It wetterpeil fan de binnenwetters yn Noardeast Fryslân is wol frij heech. By Gaarkeuken stiet it wetter sawat in heale meter heger as gebrûklik.