'Omtinken Frysk by formaasje'

18 jan 2007 - 22:40

De CDA Steatefraksje freget de ûnderhannelers fan it nije kabinet yn in iepen brief om omtinken foar it Frysk as twadde rykstaal. It CDA wol dat it foech foar de Fryske taal en kultuer by de provinsje Fryslân komt.

Fierder moat it ryk de finansjele middels beskikber stelle dy't nedich binne foar it útfieren fan earder makke ôfspraken oer it Frysk. 'Den Haach is noch net fan ús ôf', sa seit wurdfierder Geart Benedictus.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)