Wetterskip: dykbewaking

18 jan 2007 - 17:22

Wetterskip Fryslan stelt foar tongersdeitejûn dykbewaking yn. By Harns wurdt as heechste wetterstân 3 meter ferwachte. De dykbewaking betsjut dat der besetting is yn it kantoar yn Ljouwert. In pear minsken halde dêr de ûntwikkelings yn 'e gaten.

De heechste wetterstân is nei alle gedachten om healwei tsienen jûns. Mar wannear krekt is net te sizzen. It kin ek earder of wat letter wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)