Arrestaasje foar oerfal winkel

© Omrop Fryslân
Foar in oerfal op in winkel op De Lemmer binne twa fertochten oanhâlden. It giet om in man fan 30 jier út Swartslús en ien fan 26 út Hasselt. De oerfal wie op 13 desimber oan de Nijedyk. Troch te razen wist de winkelman de oerfallers fuort te jeien.
In buertûndersyk smiet brûkbere tips op. Yn kombinaasje mei tips fan tsjûgen koene de manlu oanhâlden wurde. Se wurde freed foarlaat oan 'e rjochter-kommissaris.