Jonge pakt foar mishanneling

18 jan 2007 - 14:33

Yn Bûtenpost is in jonge fan 16 jier oppakt foar bedriging en mishanneling fan in doarpsgenoat (16). Dy wie fan skoalle nei hûs ûnderweis doe't de fertochte him tsjinhâlde, útskold en mei in mes bedrige.

It slachtoffer besocht fuort te kommen op 'e fyts, mar waard doe mishannele. In foarbygeande frou kaam dertusken en de fertochte naaide út. Hy koe eefkes letter oanhâlden wurde. Hy hie it mes noch by him.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)