Ferkear hat lêst fan stoarm

18 jan 2007 - 14:15

It ferkear hat ek lêst fan de rein en de hurde wyn. By de Fonejachtbrêge, yn de Wâldwei tusken Ljouwert en Garyp is in frachtwein kantele. De dyk hat in hiel skoft ôfsletten west.

Ferfiersbedriuw Arriva advisearret reizgers om net mear mei de bus te gean. Der binne noch wol bussen ûnderweis, mar oft dy neffens it tsjinstroaster ride is net te sizzen. Connexxion sil sa lang as mooglik bussen ride litte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)