Aldste Berner Sennenhûn

Hûn Raya út Easterwâlde
De âldste Berner Sennenhûn fan Nederlân wennet yn Easterwâlde. Hûn Raya fan Jolanda ten Hoor is dizze wike fjirtjin jier âld wurden. Yn trochsneed wurde sokke hûnen mar sân jier âld. In soad Berner Sennens gean dea oan kanker.
Hûn Raya yn Easterwâlde is yn topkondysje. De eigneresse wyt dat oan de kombinaasje fan genen. Fierders is it goed faak mei de hûn te rinnen, sa seit se.