Dykbewaking noch net wis

18 jan 2007 - 12:01

It is noch altyd net dúdlik oft der beheinde dykbewaking komt. It wetter komt minder heech as tocht, sa is de ferwachting. Yn Harns wie dat earst 3.35 meter en no 2.75 meter. De wyn draait minder nei it westen as tocht. Dat is geunstich foar de wetterstân yn de Waadsee.

It wetterskip hâldt de diken tongersdei wol ekstra yn 'e gaten fanwege de stoarm. Dat bart op plakken dêr't it asfalt stikken is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)