Mear lesútfal op HAVO/VWO

Learlingen yn it fuortset ûnderwiis yn it noarden prestearje krekt wat minder as yn de rest fan it lân. By de eineksamens lizze de sifers op de HAVO 0,5 punt leger en by it VWO is dat 0,7. De Ryksuniversiteit fan Grins hat hjir ûndersyk nei dien en hat in tal mooglike oarsaken boppe wetter helle.
Sa wurdt der yn it noarden minder tiid oan ynstruksje bestege en binne de learlingen hjir minder motivearre en ha se ek minder selsbetrouwen. Ek is der yn it noarden mear sprake fan lesútfal.
De ûnderwiisynspeksje presintearre de sifers op in regionale ûnderwiiskonferinsje yn Wolvegea. De ûnderwiisynspeksje fynt dat it ûnderwiis mei-inoar sykje moat nei oplossings. Deputearre Jannewietske de Vries sei út namme fan de trije noardlike provinsjes ta dat de provinsjes hjir oan meiwurkje wolle.