Kop-sturt-botsing op ôfrit A32

18 jan 2007 - 10:59
Foto: Omrop Fryslân

By in kop-sturt-botsing op de ôfrit fan de A32 rjochting sintrum It Hearrenfean is in frou út Gytsjerk (21)ferwûne rekke. Se hie pine yn de nekke. De oare bestjoerders kamen mei de skrik frij.

It ûngelok ûnstie op it momint dat in 20-jierrige automobilist fan in bestelbus út Koatstertille net seach dat oare auto's foar de stopljochten stiene te wachtsjen. Fjouwer auto's rekken stikken.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)