Unbegryp oer stremming boaten

Boatpassazjiers op Flyân binne lilk op Doeksen. De rederij besleat tongersdeitemoarn alle boaten net farre te litten fanwege de stoarm. Woansdei hiene se noch sein dat de moarnsboaten fan Flylân en Skylge wol farre soe. De kaptein hat lykwols it lêste wurd en dy besleat op it lêste momint dat ôffarren ûnferantwurde is.
De boaten nei It Amelân en Skiermûntseach farre wol. Troch de smoutte is it dêr minder gefaarlik.