Korbach langer by de Boys

18 jan 2007 - 09:03

Fritz Korbach bliuwt ek takom seizoen trainer fan fuotbalclub Harkemase Boys. Korbach hie in kontrakt oant de ein fan dit seizoen. Hy folge yn oktober Pieter Bijl op. Hoewol de risseltaten tsjin fallen binne is it bestjoer fan de Boys hiel tefreden oer de wurkwize fan Korbach en is der fertrouwen yn 'e takomst.

Spits Tony Alberda (32) en routinier Robert Herder (39) nimme oan de ein fan dit seizoen ôfskie fan de Boys.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)