Roeken moatte nei Oranjewâld

17 jan 2007 - 22:28

Yn beammen by museum Belvédère yn Oranjewâld binne woansdei fiif roekenêsten pleatst. De nêsten binne fan roeken dy't earne oars yn de gemeente foar oerlêst soargje. Benammen yn De Knipe ha minsken in protte lest fan de bisten.

De kommende wiken hellet de gemeente nochris 25 nêsten út beammen. Ek dy komme allegear yn beammen by it museum. De roeken moatte sels it paad nei harren hûs werom sjen te finen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)