Ljouwert hâldt intercity
De yntercity-trein nei Ljouwert bliuwt behâlden. De NS hat yn de tsjinstregeling foar takom jier in intercity nei Ljouwert opnommen. Dat sei steatssekretaris Schultz van Haegen woansdei.
De tsjinstregeling foar 2008 moat noch definityf fêststeld wurde. Dat bart nei oerlis mei spoarbehearder Prorail en konsuminte-organisaasjes.