Tienstra nije keatsbûnscoach

17 jan 2007 - 12:23
Pieter Tienstra, de nije KNKB-bûnscoach

Pieter Tienstra is de nije bûnscoach fan it keatsbûn. Hy folget Johannes Brandsma op, dy 't as trainer noch wol belutsen bliuwt by de ploech. It bûn is fan miening dat Tienstra op it flak fan coaching mear bringe kin as Brandsma.

De earste klus foar Tienstra is it Europeesk Kampioenskip yn België. Tienstra hat jierren op it heechste nivo spile. Hy wûn yn 1996 noch de PC mei Johan Okkinga en Sake Porte.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)