Woudagemaal wer yn aksje

17 jan 2007 - 11:25

It Woudagemaal by De Lemmer draait wer om't tongersdei in soad rein ferwachte wurdt. It boezempeil is no goed, mar it lân is sa wiet dat de rein dan sa fan it lân de boezem yn rint. Dêrom is it stoomgemaal út foarsoarch oanset.

It Hoogland-gemaal by Starum draait al sûnt snein. Om't ek in soad wyn ferwachte wurdt, beslút Wetterskip Fryslân woansdei oft dykbewaking nedich is. Doeksen lit middeis en jûns gjin boaten farre op Skylge en Flylân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)