Arriva krijt warskôging

17 jan 2007 - 10:13

Fryslân ropt ferfiersmaatskippij Arriva takom wike op it matsje, omdat it iepenbier ferfier yn de provinsje noch hieltyd net op oarder is. Deputearre Baas wol dat Arriva it busferkear yn Súd-East Fryslân binnen ien moanne goed regele hat.

Dêrneist wol de VVD-deputearre ek gjin fertragings mear op de treintrajekten Ljouwert-Grins en Ljouwert-Harns. Op bustrajekten is it grutte probleem dat der faak tsjinsten útfalle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)