Sushitent yn lanlike wedstriid

16 jan 2007 - 15:04

Twa Ljouwerters dogge mei oan in RTL-wedstriid foar restaurants. Se iepenje in sushi- en noodlerestaurant oan it Ruterskertier en stride tsjin trije oare ythuzen. De winner krijt de hiele ynvestearring fan de saak werom.

Oan it restaurant yn Ljouwert wurdt no noch wurke. It moat oare wike tongersdei iepen. De sjuery keurt it iten, mar ek hygiëne en betsjinning. De earste ôflevering fan 'Mijn tent is top' is tiisdei te sjen op RLT 5.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)