Nije spuit foar tankauto

© Omrop Fryslân
De brânwacht yn Beetstersweach krijt in nije tankautospuit. De gemeente Opsterlân hat de ferfanging fan de spuit Europeesk oanbestege, om't it in soad kostet. Der wiene twa ynskriuwings.
In bedriuw út Winschoten krijt de opdracht as der de kommende fjirtjin dagen gjin beswieren yntsjinne wurde. It giet om in offerte fan goed 250.000 euro eksklusyf BTW.