Direksje nimt Kloosterman oer

Kloosterman oernommen troch eigen direksje
Kloosterman Technyk op It Hearrenfean wurdt oernommen troch de eardere direksje. Der wiene seis gadingmakkers foar it bedriuw, Heit en soan Kloosterman wiene fierwei de heechste bieders sadat der gau in akkoart ta stân komme koe.
Kloosterman gie twa wike lyn fallyt. It bedriuw makket ûnder oare aluminium puien en kezinen. Neffens de fakbûnen wie de sprake fan 'mismanagement'. By Kloosterman wurkje 80 minsken.