Amtners fytse foar goede doel

© Omrop Fryslân, Dirk Baron
Op it provinsjehús is tongersdei in grutte spinningaksje hâlden om jild op te heljen foar harsenûndersyk. Amtner Corrie Kuperus hat in harsentumor hân en is yn it UMCG fia in spesjale technyk mei súkses behannele.
Mei de spinningaksje wol se jild ynsammelje foar ûndersyk nei harsentumoaren. Der diene goed 100 amtners mei. De opbringst wurdt yn de rin fan tongersdeit bekend makke.